Gebruik cookies op deze website
Deze website gebruikt cookies om het effect van advertenties te meten en om statistieken te maken waarmee de gebruikservaring kan worden verbeterd.
Locatie | Bibliotheek Drachten | Smallingerland |
Categorie | Alle leeftijden |
Cursus Taal | |
Download | Toevoegen aan agenda |
Frysk skriuwen is net sa dreech as faak tocht wurdt. Jo witte grif mear as jo tinke. Dat sille jo learenderwei ek fernimme. Dizze kursus is geskikt foar wa’t it Frysk ferstean en prate kin en no ek it Frysk skriuwen yn ‘e macht krije wol.
De kursus basearret him op twa útgongspunten: it ferstevigjen fan it wurdbyld fan it Frysk en it oanleren fan de regels foarsafier't dat nedich is om grip te krijen op de stavering. Sa komme bygelyks de folgjende ûnderwerpen oan ’e oarder: g/ch, y/ii/i/ie, dakjes/kapkes, û/oe, twa- en trijelûden, regelmjittige en ûnregelmjittige tiidwurden en skrapkes.
As jo it Frysk goed en linich skriuwen leare wolle, is it belangryk in soad 'meters te meitsjen', dus sa folle mooglik te oefenjen.
De (online) basiskursus mei lesjouwer bestiet út 11 lessen. Ien fan de lessen wurdt ynfolle troch in gastdosint. Yn dy gastles wurde jo meinommen yn de psychology fan de taal, jo krije ynsjoch yn taalgedrach en taalgewoanten.
Foar meer informaasje, sjoch hjir.
Fuortdaliks ynskriuwe foar dizze basiskursus yn de Bibliotheek fan Drachten kin op de side van de Afûk mei ûndersteande knop.