- wo 23 sep 2026
- 19:30 - 21:30
-
Bibliotheek Drachten | Smallingerland
Museumplein 1
9203DD DrachtenDe Bibliotheek waar je kunt lenen, leren, coderen, ontdekken, lezen, spelen, verblijven, (3D-)printen, kopiëren, zoeken, verbazen en nog veel meer. Kortom jezelf ontwikkelen, je hele leven lang.
- Volwassenen
- Toevoegen aan agenda
Verzorgd door Afûk
Ferfolchkursus Taal, Kultuur en Skiednis - Afûk
De ferfolchkursus Taal, Kultuer en Skiednis (Frysk en Fryslân) fan tsien lessen jout op ’en nij omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Fan de stavering en de staveringsregels, mar ek fan taaleigen en ynterferinsjes wurdt dat oanbean wat noch net of noch net genôch oan ‘e oarder west hat.
It is eins in prachtige kursus foar kursisten dy’t gewoan alles fan ’e taal witte wolle. De aspekten fan de Fryske taal en kultuer geane benammen oer de Fryske skiednis en de Fryske literatuer. Nei in earste oariïntaasje wurdt ynformaasje oanbean om sa in aardich goed byld te krijen fan dy Fryske skiednis en Fryske literatuer.
De dosinten jouwe troch harren jierrenlange ûnderfining tige nijsgjirrige en bysûndere lessen. De kursus bestiet út 10 lessen en dy binne om ’e wike (ien kear yn ’e fjirtjin dagen). Dat jout tiid en gelegenheid om it learde te ferwurkjen en alles goed te bestudearjen.